DE TREKKER FAN TROJE yn Boekhannel Van der Velde 13 maaie

ARJAN HUT – de Moanne

Ofrûne snein presintearre skriuwer Hein Jaap Hilarides yn de Van Harenskerk syn nije boek ‘De trekker fan Troje’. It ferhaal is ynspirearre op de boere-aksjes fan 1990.
“Se fierden aksje foar bettere graanprizen,” fertelt Hilarides, dy’t doe tweintich jier wie. “Ik bin opgroeid oan de Middelwei tusken Sint Anna en Sint Jabik, dêr’t it allegear begûn. Ikkerbouwer Melle Rienks wie ien fan de inisjatyfnimmers en hy en kollega Emile Vogels binne de gesichten fan de aksje wurden. Ik wenne doe net mear op it Bildt, mar rûn staazje as studint miljeukunde yn Ljouwert, by de Waddenadviesraad yn de tiid fan Anita Andriesen. It kantoargebou wie oan de westkant fan it stasjon, foarby de bushaltes. Lykwols, ik koe it gebou net yn omdat in trekker de yngong blokkearre.”

De boere-aksjes foarmje ien yngrediïnt foar de roman, mar wichtiger is noch it motyf fan de Fryske saak, de Fryske identiteit yn it feroarjende Europa.

Oeral in Noard-Nederlân kamen ikkerbouboeren yn aksje. In byld fan in trekker dy’t by in Europeeske ynstelling opstiet, makke wat wekker by Hilarides en foarme de kym foar syn nije boek. De earste wurden stiene yn 2011 op papier.
“De boeren binne nea sa fier kommen as Brussel. De boere-aksjes foarmje ien yngrediïnt foar de roman, mar wichtiger is noch it motyf fan de Fryske saak, de Fryske identiteit yn it feroarjende Europa. Myn haadpersoan is Friso Wassenaar. Mei syn broer Hero stridet er foar de autonomy fan Fryslân. Harren heit, Klaas Wassenaar, wie ien fan de (fiktive) aksjelieders yn 1990. Friso en Hero wolle fierder gean dêr’t de boere-aksjes stykjen bleaune en sille mei in leger fan trekkers op ‘e Europeeske haadsted oan. Wat heit koe, dat dogge sy oer, sy wolle op nei Brussel!”

De lokaasje fan de presintaasje wie de Van Harenskerk yn Sint Anna en dat wie net samar.
“Hast wolris heart fan it epos Gevallen van Friso, Koning der Gangariden en Prasiaten? Dat is in lang epysk gedicht oer de mytyske oarsprong fan de Friezen, út 1741. Myn haadpersoan is neamd nei dy Friso, de sabeare aartsfader fan de Friezen. It is skreaun troch grytman Willem van Haren, dy’t yn de tsjerke begroeven leit. Ek it feit dat der gâns folk yn de tsjerke past hat meispile, der ha al hiel wat minsken har ynskreaun foar de presintaasje.”

Wat bysûnder is dat ien fan de aksjelieders fan 1990, Emile Vogels, derby wie.
“Hy sei tsjin my, doe’t ik mei him oer it ferskinen fan it boek prate, do moatst der wol ien fan de lânbou by hawwe. No, sei ik, dêr woe ik dy foar freegje. Dêrby leveret ek europarlemintariër Jan Mulder syn bydrage oan de middei. Stadichoan krige it hieltyd mear it karakter fan in grutte boere-aksjereüny. It is der ek in moaie gelegenheid foar,” beseft Hilarides.

Op sneon 13 maaie is der in evenemint omtrint it boek yn Ljouwert by boekhannel van der Velde. Emile Vogels is der dan ek by, mar fierder is alles oars.
“Nee, it is net in twadde presintaasje. Yn Ljouwert sil ik út it boek foarlêze en fioelist Vincent van Dam fersoarget de muzyk. It is in moaie lokaasje en mei myn foarige boek is it krekt net slagge om dêr wat te dwaan, no koe it wol.”

Boekpromoasje op 13 maaie Slauerhoff-tún fan Boekhannel van der Velde, Ljouwert, tusken 14.00 en 16.00 oere.

De trekker fan Troje, útjouwerij Bornmeer

ontwerp: ehgz.nl & realisatie: webstove