JOPPE (fragmInt)

It duorre even foar’t se iepen die.

  ‘Ik wie oan it itensieden.’

  Har heallange hier, mei de grizichblonde teint, hong los oer de kraach en skouders fan it kolbêr.

  ‘Hoe giet it?’ frege se.

  ‘Hiel bêst. Mei dy?’

  ‘Syn gong.’

  Se rûnen nei de lytse wenkeamer-keuken.

  ‘Sjoch,’ sei er. Hy joech de flesse wyn oer.

  ‘Ah.’

  De folle, roze-reade lippen krollen oer de grutte, wite tosken, dy’t net alhiel regelmjittich, mar stevich yn de mûle stûnen. Dat hie bliken dien doe’t se mei in dronken kop tsjin in muorre oanrûn wie. Fan in stien wie in stikje ôf, it gebit mankearre niks.

  Wylst se in stikje paprika út de saus foar de pasta preau, sei se: ‘Meitsje mar iepen.’

  Hy hie de glêzen ynskonken en frege hoe’t it mei de stúdzje gie.

  ‘O, goed, hear.’

  Se seach nei syn klean.

  ‘Hast in nij bloeske kocht?’

  ‘Ja, op ’e Wirdumerdyk.’

  ‘Moai.’

  ‘Fynst him moai?’

  Se rierde de pastasaus om.

  ‘Bytsje deeglik.’

  ‘Foar it wurk yn Raarendt.’

  ‘Hast it?’ frege se.

   ‘Ja. “Earste oefening, kirrel”, sei Oebele Streekstra.’    

Fragmint fan haadstik 1 'Earste oefening' út Joppe (2008)

ontwerp: ehgz.nl & realisatie: webstove