SKOALJONGE (fragmint)

De groep sette elke moarn om kertier foar sânen ôf. Oan it begjin fan de Suderdyk wachten wy op elkoar. Wa’t te let kaam moast de groep ynhelje of oars de tweintich kilometer nei Harns allinne fytse.

  Ik gie nei de Anton Wachter Skoalle mei Frank Pagter, Tjisse Oost, Lieuwe Kramer, Ane Postma, Jolanda Oost (in achternicht fan Tjisse) en Astrid Reitsma. Frank syn heit hie in grûnfersetbedriuw hân, Tjisse wenne yn de smidte dêr’t syn heit bedriuwslieder wie, de heit fan Jolanda wie frachtweinsjauffeur, Lieuwe syntes kraanmasinist en dy fan Ane wurke by in akkountantsburo. Astrid en ik kamen fan in boupleats.

  Noch heal yn ’e sûs rieden wy troch Minnertsgea, it earste doarp op ’e wei nei Harns. Ut dit fine doarp gie net ien nei de iepenbiere Anton Wachter Skoalle. At wy it pleatsnammeboerd foarby kamen, flokte Lieuwe sa mâl at er it leard hie. Nei in pear wike hold er mei dy gewoante op.

Fragmint út haadstik 1 fan Skoaljonge (2011)

ontwerp: ehgz.nl & realisatie: webstove